Dieders stellerij fyts socht
De plysje siket dieders fan de stellerij fan in fyts. Dat barde freedtemoarn betiid op It Hearrenfean. In ynwenner (20) fan dat plak waard op de Domela Nieuwenhuiswei oanfallen troch trije jonges. Se sloegen him fan syn fyts en hy bedarre op 'e grûn. De jonges naaiden dêrnei út mei de fyts.
De plysje freget tsjûgen har te melden.