Arriva: "Soargje foar alternatyf ferfier!"

29 apr 2018 - 10:03

Arriva ropt reizgers op om moandei en tiisdei foar alternatyf ferfier te soargjen. Beide dagen ride der gjin of kwealik bussen en treinen fan Arriva fanwege in staking yn it streekferfier.

Fakbûnen en personiel wolle hurde ôfspraken mei wurkjouwers oer it ferminderjen fan de wurkdruk. De treinen fan de NS ride wol neffens de normale tsjinstregeling. It NS-personiel falt ûnder in oare CAO. Arriva advisearret reizgers om njonken de webside fan de ferfierder, ek de social media goed yn de gaten te hâlden foar it lêste nijs oer de staking.

Trefwurden: 
Arriva
(advertinsje)
(advertinsje)