Drachtster oanhâlden foar it oantaasten fan twa famkes

29 apr 2018 - 09:24

De plysje hat freedtejûn in man fan 45 jier út Drachten oanhâlden. Op De Drift yn syn wenplak soe er earder op de dei twa famkes oantaast hawwe. Tafersjochhâlders fan de gemeente Smellingerlân hiene mei de beide famkes praat en in sinjalemint fan de fertochte trochjûn. Dêrtroch koe de plysje de man al gau oppakke. Hy sit noch fêst. De plysje ûndersiket de saak. 

Trefwurden: 
Drachten plysje oantaasting
(advertinsje)
(advertinsje)