Plysje wol gearwurking mei ICT-bedriuwen tsjin cybercrime

29 apr 2018 - 08:40

Cybercrime is in hieltyd grutter probleem en ek yn it Noarden nimt it tal gefallen fan digitale oplichting ta. Dat konstatearret de plysje Noard-Nederlân. Dy wol no yn gearwurking mei ICT-bedriuwen de striid oangean tsjin cybercrime.

Omdat lang net alle gefallen fan dizze foarm fan kriminaliteit meld wurde, is it foar de plysje dreech om yn te skatten hoe grut it probleem krekt is. "In soad minsken en bedriuwen skamje har dat se yn de oplichtingspraktiken trape binne'', seit plakferfangend plysjesjef Ronald Zwarter. Hy seit dat der yn it Noarden in hiel soad ICT-kennis foarhannen is. Hy hopet dat Noard-Nederlân in foarbyldregio wurde kin op it mêd fan de bestriding fan cybercrime. Zwarter ropt minsken en bedriuwen op om foaral oanjefte te dwaan.

Trefwurden: 
ICT-bedriuwen plysje
(advertinsje)
(advertinsje)