Brânwacht yn aksje foar autobrân yn Snits

29 apr 2018 - 07:33

De brânwacht fan Snits moast yn de nacht fan sneon op snein yn aksje komme foar in autobrân. Op de Edo Jongemastrjitte yn de stêd sloegen om healwei fiven hinne de flammen út it motorkompartimint. De auto stie neffens tsjûgen flakby de flat, wêrtroch't de garaazjedoar in soad skea oprûn. De brânwacht koe lykwols foarkomme dat it fjoer oersloech nei it gebou.

De plysje ûndersiket de saak en soe brânstichting net útslute. De bewenners fan de flat moasten koarte tiid earne oars ûnderbrocht wurde, mar koene letter yn de nacht wer werom nei harren hûs.

Trefwurden: 
autobrân brân
(advertinsje)
(advertinsje)