Rappe riders oanhâlden

De plysje hat sneintenacht trije rydbewizen fan automobilisten yn beslach nommen yn ferbân mei te hurd riden. Op de Kwelderwei by Kollumerpomp wie it twa kear raak. Twa bestjoerders út Rodeschool en de stêd Grins rieden respektyflik 147 en 154 kilometer, wylst op dy dyk 80 kilometer tastien is.
In Snitser (32) moast syn rydbewiis ynleverje by Techum by Ljouwert. De man ried 126 kilometer op de dyk dêr't 70 km tastien is.