Aris yn play-offs tsjin Leiden

28 apr 2018 - 21:59

De basketballers fan Aris moatte it yn de earste ronde fan de play-offs opnimme tsjin Leiden. Dy ploech einige sneontejûn as tredde yn de kompetysje. Om't Aris sechsde waard, spylje beide klups no tsjin inoar.

Tiisdeitejûn is de earste wedstriid yn Leiden. Dêrnei is de twadde wedstriid tongersdei yn Ljouwert. As beide teams ien wedstriid winne, moat de beslissing takom wike sneon komme yn Leiden.

Trefwurden: 
Aris basketbal Leiden
(advertinsje)