Tsjûgen socht rûzje Wynjewâld

De plysje siket in groepke manlju dat dit wykein minsken lestich foel yn in feesttinte yn Wynjewâld. By in rûzje rekke in ynwenner (22) fan De Himrik ferwûne. Hy is nei alle gedachten stutsen mei in mes. Dat wie doe't er in opmerking makke tsjin de manlju oer har gedrach. Hy waard dêrnei troch har oanfallen. Troch him te ferskûljen yn in boskje koe er oan har ûntkomme. Hy moast letter behannele wurde yn it sikehûs yn Drachten.
De plysje is no op syk nei de dieders en siket minsken dy't mear witte har te melden.