Cambuur kin play-offs yn nei winst op Telstar

28 apr 2018 - 21:46

Cambuur hat sneontejûn yn Velsen wûn fan Telstar. It waard 1-0 foar de ploech fan trainer René Hake troch in goal fan Justin Mathieu. Om't Emmen in punt pakte tsjin Jong Utrecht (0-0), spylje de Ljouwerters tiisdei al yn de earste ronde fan de play-offs tsjin Dordrecht. 

Penalty

It spul gie yn it begjin fan de wedstriid op en del. Gjin fan beide ploegen koe echt trochdrukke. Sa gie in frije trap fan Crowley krekt njonken it doel fan Telstarkeeper De Boer. Nei in healoere moast Rodney Cabral yngripe doe't Justin Mathieu allinnich op keeper De Boer ôfkaam. Cabral krige dêr in reade kaart foar, en Cambuur mocht in penalty nimme dy't troch Mathieu benut waard. Dêrnei wiene der noch grutte kânsen foar Martijn Barto en opnij Mathieu, mar in twadde goal smiet dat foar it skoft net mear op. Noch yn de earste helte moast Cambuur wikselje. Omar el Baad kaam op it plak fan Matthew Steenvoorden. De ferdigener rekke blessearre nei in oertreding op de spits fan Telstar, Novakovich.

Twadde helte

Nei in oere spyljen hie Cambuur, fia Van Kippersluis en Barto, in pear goede kânsen hân. Ek de tsien man fan Telstar wiene gefaarlik mei in skot fan Novakovich en in kâns foar Platje. Doe't keeper De Boer fan Telstar in oertreding makke op Van Kippersluis wie der opnij in penalty foar Cambuur. Spitigernôch slagge Kevin van Kippersluis der net yn om der fan de stip ôf 2-0 fan te meitsjen. Dêrnei slaggen it ek ynfaller Kallon en opnij Van Kippersluis net om de 2-0 te meitsjen.

Play-offs

Cambuur is troch de oerwinning achtste wurden yn de Jupiler League mei 58 punten. Dat betsjut dat de Ljouwerters harren pleatst ha foar de play-offs. Dêryn nimme de Ljouwerters it op tsjin Dordrecht, dat de tredde perioade wûn hat. It earste duel is tiisdei yn Dordrecht, it twadde duel is takom wike sneon yn Ljouwert.

Telstar - SC Cambuur 0-1 (0-1) 31. Justin Mathieu 0-1

Opstelling Cambuur: Erik Cummins; Jordy van Deelen (60/Xander Houtkoop), Matthew Steenvoorden (44/Omar El Baad), Robbert Schilder, Sai van Wermeskerken; Mathias Schils (70/Issa Kallon), Daniel Crowley, Daan Boerlage; Justin Mathieu, Martijn Barto, Kevin van Kippersluis

(advertinsje)