Snits Wyt Swart ferliest fan MSC

28 apr 2018 - 21:30

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat sneontejûn de útwedstriid tsjin MSC yn Meppel ferlern. De ploech fan trainer Germ de Jong gie, nei in 0-2 foarsprong, mei 3-2 ûnderút.

Snits wie by it begjin fan it duel de bettere ploech. Al yn de earste minút wie it Matts Bruining dy't de 1-0 makke foar Snits Wyt Swart. Healwei de earste helte koe Gerben Visser de bal binnen koppe en sa de 2-0 op it skoareboerd sette. Dat wie ek de stân by it skoft.

Yn de twadde helte pakte MSC de saken oars oan. De thúsploech socht de de oanfal. Yn twa minuten gie it hielendal ferkeard foar de Snitsers. Earst wie it Bijlsma dy't mei in kopbal de oanslutingstreffer makke. De earste oanfal dêrnei wie it wer raak, dizze kear wie it Huiskes dy't binnen kopte. Snits wie it hielendal kwyt, en MSC krige in pear grutte kânsen. In kertier foar tiid waard it 3-2 troch opnij Huiskes. Dat wie ek de einstân.

Snits Wyt Swart stiet no op plak 11 yn de sneinshaadklasse A, mei 29 punten út 27 wedstriden.

(advertinsje)
(advertinsje)