Twadde fertochte mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje hat in twadde fertochte oanhâlden fanwege in mishanneling sneontenacht op it treinstasjon fan It Hearrenfean. Dêr is in ynwenner (19) fan Aldehaske skopt en slein troch fjouwer minsken. Hy moast opnaam wurde yn it sikehûs. Ien fan de dieders, in Amsterdammer (17), koe deselde nacht al oppakt wurde. Sneintemiddei is in ynwenner (21) fan It Hearrenfean oanhâlden.
Beide fertochten sitte noch fêst. Nei de oaren wurdt noch socht.