Hurdfytser Stef Krul wint PWZ Zuidenveldtour

Stef Krul fan Tsjalbert hat de 27e edysje fan de PWZ Zuidenveldtour wûn. Twa kilometer foar de finish ûntsnapte de hurdfytser fan de METEC-ploech út in kopgroep fan fjirtjin man. Twadde waard Maarten van Trijp, Aksel Nommela waard tredde.
De kopgroep ûntstie nei 125 kilometer koers. Earst wiene it Chiel Breukelman en de Ingelsman Chris Opie dy't fuortrieden út it peloton. Letter koe Krul de sprong meitsje, tegearre mei Jens Reynders út België. It is foar Krul syn earste oerwinning op de UCI-tour. It wie foar him syn tredde kear yn de PWZ Zuidenveldtour. Ferline jier waard hy al tredde en twa jier lyn sechsde.