Brommerrider mei fyts op sjou

18 jun 2012 - 10:55

De plysje hat sneintenacht op de Drachtsterwei yn Ljouwert in man (24) út de haadstêd oanhâlden op fertinking fan stellerij fan in fyts. De fertochte waard al brommerridend sjoen troch de plysje mei yn fyts op it skouder.

De man koe gjin goeie ferklearring jaan wêrom't er de fyts by him hie. Sawol de brommer as de fyts binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)