Marit Bouwmeester pakt winst yn Hyères

28 apr 2018 - 17:06

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat de wrâldbekerwedstriid by it Frânske Hyères op har namme skreaun. Yn 2013 wûn Bouwmeester ek al yn Hyères.

De olympysk kampioene wûn dizze wike twa fan de njoggen races yn de Laser Radial-klasse. Ek waard se trije kear twadde. Dêrtroch hat se sa'n grutte foarsprong op de konkurrinsje dat se yn de lêste race allinnich mar meidwaan moat.

(advertinsje)