Ale de Boer grutte man by ONS Snits tsjin Magreb'90

28 apr 2018 - 16:37

ONS Snits hat sneon in oerwinning helle yn de tredde difyzje. Yn de útwedstriid tsjin Magreb'90 waard it 4-2 foar de ploech fan trainer Chris de Wagt. Ale de Boer wie de grutte man oan de kant fan ONS mei trije goals. 

De start wie goed foar ONS. Al nei in pear minuten wie it raak foar de Snitsers. Curty Gonzales makke de 1-0. Krekt foar it skoft ferdûbele Ale de Boer de foarsprong.

De twadde helte begûn spektakulêr. Uyi-Olaye makke nei fiif minuten de oanslutingstreffer, mar Ale de Boer makke der twa minuten letter 3-1 fan. Nochris fiif minuten letter wie it Chibrani dy't Magreb wer werom brocht yn de wedstriid.

It lêste wurd wie foar Ale de Boer. De ferdigener fan ONS makke syn tredde, in skitterjende lob fan 30 meter, en brocht dêrmei de einstân op 4-2.

(advertinsje)