Harkemase Boys ferliest fan Jong FC Twente

28 apr 2018 - 16:31

Harkemase Boys hat sneon ferlern fan Jong FC Twente. It waard 3-0 foar de besikers út Enschede.

Yn it begjin fan de wedstriid barde der net in soad op de Bosk yn De Harkema. De earste kâns wie nei in lyts healoere foar Simon IJzerman fan Harkemase Boys, mar keeper Hengelman fan Twente koe de bal noch krekt tsjin hâlde. Efkes letter wie it oan de oare kant wol raak. Jari Oosterwijk makke der 1-0 fan mei in kopbal.

Nei it skoft besocht Harkemase Boys it wol, mar it wie opnij Twente dat in doelpunt makke. Nei yn lyts oere wie it Frimann dy't de 2-0 makke foar de Tukkers. Yn de blessueretiid waard it ek noch 3-0 troch Ramiz Zerrouki.

(advertinsje)