Auto yn botsing mei ree

18 jun 2012 - 10:52

Op de Gariperwei by Aldegea (Sm.) is moandeitemoarn betiid in man (48) út Aldegea ferwûne rekke nei in oanriding mei in ree. It slachtoffer siet yn de auto by in man (31) út Drachten. Ynienen stuts der in ree oer. It bist waard oanriden. Troch de botsing ferlear de Drachtster de kontrôle oer syn auto en kaam tsjin in beam ta stilstân. De auto rekke swier skansearre.

De man út Aldegea hie pine yn de rêch en is út foarsoarch oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok plysje ree
(advertinsje)
(advertinsje)