Lintsje foar Roel Bijlsma fan Frjentsjer

© ANP
Ien fan de frijwilligers fan swimbad Mounewetter yn Wytmarsum is sneon keninklik ûnderskieden. De 68-jierrige Roel Bijlsma fan Frjentsjer krige it lintsje opspjelde troch boargemaster Hayo Apotheker fan gemeente Waadhoeke. Hy waard beneamd ta Lid in de Orde van Oranje-Nassau.
Bijlsma is al mear as tritich jier belutsen by it swimbad, sûnt 2012 is hy ek foarsitter yn it bestjoer. Mei op syn inisjatyf brûkt Mounewetter no wetterstofgas, dat miljeufreonliker is as gas en elektrisiteit. Ek is it tal foarsjenningen útwreide, ûnder oare mei in dûkplanke en in springkessen.