Ynformaasjejûn weryndieling

02 nov 2011 - 21:34

Der binne sawat in fyftich minsken ôfkaam op de twadde ynformaasjejûn fan de gemeente Ljouwert oer de weryndieling mei Boarnsterhim. Yn 2014 is dy weryndieling in feit en dan krijt Ljouwert it gebiet oant en mei Grou útsein de Lege Geaën, mar mei de Alde Feanen derby. Foardat de Twadde Keamer dêroer beslút moat al dúdlik wêze hoe't de ynwenners fan de gemeente Ljouwert deroer tinke en dêrom wie der in gearkomste yn it Ljouwerter riedshûs.

(advertinsje)