Arriva sjocht tefreden werom op Keningsdei

28 apr 2018 - 14:53

Arriva sjocht tefreden werom op Keningsdei. It ferfiersbedriuw sette freed ekstra bussen, treinen en personiel yn om minsken nei en út Grins te ferfieren. Dy stêd krige de keninklike famylje op besite en luts dêrtroch ekstra besikers. Neffens Arriva hawwe der freed sa'n 10.000 minsken yn har treinen en bussen sitten. Sy koene ûnder oare letter werom út de stêd, omdat de lêste trein pas om ien oere gie.

Ek op in tal oare stasjons waarden ekstra minsken ynset, dat wie ûnder oare it gefal yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Arriva Keningsdei
(advertinsje)