Riders mei drank op trappearre

18 jun 2012 - 10:45

De plysje hat it ôfrûne wykein op 17 plakken minsken trappearre op it riden mei tefolle drank op. It giet om 15 automobilisten, in brommerrider en in snorfytser. De plysje kaam de 17 ûnder oare op it spoar om't ien tsjin in lantearnepeal ried, in oar is betrape yn in stilsteande auto.

Uteinlik is fan fjouwer bestjoerders it rydbewiis ynnaam, ien fan har is ek oanmeld foar in alkoholslot om't er ek gjin jildich rydbewiis hie.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)