Westra: "It wurd doping is ferkeard brûkt"

28 apr 2018 - 13:23

Lieuwe Westra ûntkent dat er doping brûkt hat yn syn karriêre as hurdfytser. Dat seit hy tsjin Omrop Fryslân. "It wurd doping is ferkeard brûkt."

Sneontemoarn ûntstie der ophef troch in foarpublikaasje fan it biografyske boek 'Het Beest'. Yn ferskate media, sawol yn Fryslân as lanlik, waard skreaun dat út it boek bliken dwaan soe dat de hurdfytser doping brûkt hat. "Mar dat is net sa. Ik jou yn myn boek ta dat ik cortisonen brûkt ha, mar dêr hie ik in medysk attest foar." 

Yn in foarpublikaasje fan syn boek Het Beest fan skriuwer Thomas Sijtsma jout Westra ta dat hy cortisonen brûkt hat. Dêryn seit hy: "Ik spoot het in mijn eigen lijf om harder te fietsen, om prijzen te pakken, om complimenten in ontvangst nemen." Mar neffens Westra is dat wat oars as it tajaan fan doping. "Ik brûkte it, omdat ik better ride woe, mar it wie wol binnen de regels. It is en wie net strafber." It ferskil tusken it brûken fan doping en it brûken fan cortisonen sit 'm der neffens Westra yn dat doping strafber is en it brûken fan cortisonen yn syn gefal net. Cortisonen stean wol op de dopinglist.

Westra kin de strjitte net mear op

"Ik bin der moai klear mei, want no stiet oeral dat ik doping brûkt haw. En dat is net sa. As ik hjir it doarp yngean (De Tynje, red.) wurd ik der gek fan en ús mem wol de strjitte ek net mear op. Dy heart ek fan eltsenien: "No, wat hat dyn soan dien?" of "Wat in ferfelend nijs, net?" Dêr ha ik fansels hielendal gjin sin oan." 

Foar it folsleine ferhaal moat it hurdfytspublyk wachtsje op it boek oer it libben en de karriêre fan Lieuwe Westra, sa skriuwt er op twitter: "Voor mijn uitgebreide verhaal verwijs ik iedereen door naar mijn boek 'Het Beest'." De presintaasje fan it boek is tiisdei.

Trefwurden: 
Lieuwe Westra hurdfytsen
(advertinsje)
(advertinsje)