Bou nije fierljepskâns Burgum rint fertraging op

Bou nije fierljepskâns Burgum rint fertraging op
De bak dêr't dalik oer hinne ljept wurde moat - Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Harkje nei in reportaazje

​De fernijde fierljepskâns fan Burgum moast eins al hielendal klear wêze. Mar troch de wiete hjerst en de froastige winter, koe der lang net wurke wurde. Op dit stuit wurkje tal fan frijwilligers oan de nije fierljepskânsen, sadat 2 juny de earste wedstryd ljept wurde kin.

"Op dit moment leggen we de laatste hand aan de herinrichting van de accommodatie. We hebben een nieuw bassin gemaakt met nieuwe walbeschoeiïng. Nu zijn we bezig met het laatste stukje, namelijk het plaatsen van de palen die in het bassin moeten komen te staan," seit Hans Helmholt, foarsitter fan de Ljeppersklup fan Burgum. 

Beweechbere skâns

De opbou fan de skâns sels is al hielendal klear. "De steigers, die op een volledig nieuwe staalconstructie komen, kunnen straks over de hele lengte over betonpalen worden gerold. Daarnaast kunnen ze afhankelijk van de resultaten van de ljeppers naar voor of achter worden verschoven."

Mei de beweechbere steigers wurdt alfêst neitocht oer de takomst. As der dalik bettere polsstokken komme, wêrmei't de ljeppers hieltyd fierder komme, kinne de steigers nei achteren helle wurde, wêrtroch't der wer mear romte komt om te springen. 

Winsk

In grutte winsk fan de Burgumer fierljepklup komt ek yn ferfolling, mei de bou fan in eigen jeugdakkommodaasje mei twa wedstrydskânsen. "Dan kunnen we hier in de toekomst ook voor de jeugd een Fries kampioenschap of NK fierljeppen organiseren."

De folsleine renovaasje kostet de fierljepklup 120.000 euro. "De gemeente Tytsjerksteradiel heeft de jeugdaccommodatie voor ons gerealiseerd in het kader van het Wetter & Willepark. Zonder die bijdrage hadden we dit niet kunnen bouwen."

Op 1 septimber is Burgum it dekôr fan it Nederlânsk kampioenskip fierljeppen.

28 apr 2018 - 13:02
(advertinsje)