Man rydt tsjin beam op N381

18 jun 2012 - 10:39

In man (34) út Donkerbroek is sneintejûn by Easterwâlde op de N381 mei de auto tsjin in beam riden. De plysje hâlde him oan om't se it idee hienen dat er ûnder ynfloed wie. Op it buro is in bloedproef ôfnommen. Hy is út foarsoarch nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht om't er hieltyd fuortfoel.

It rydbewiis fan de man is ynnaam en syn auto is ek yn beslach naam fanwegen in belestingskuld.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)
(advertinsje)