Nyck de Vries fersmyt kâns op top troch stjoerflater

28 apr 2018 - 11:59

In stjoerflater hat derfoar soarge dat koereur Nyck de Vries fan Twellingea gjin topnotearring helje sil by de Grutte Priis fan Azerbeidzjan.

De 23-jierrige De Vries lei nei in goeie start op it twadde plak, mar makke nei in herstart fanwege problemen mei in feilichheidsauto de stjoerflater en miste dêrtroch in bocht. Hy moast reedlik gau dêrnei ek opjaan. Snein is der noch in twadde race, mar dan kin De Vries syn flater net mear goedmeitsje. De Grutte Priis yn Azerbeidzjan is de tredde race fan it seizoen fan de Formule 2.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule 2
(advertinsje)