Hurdfytser Lieuwe Westra jout brûken cortisonen ta

Lieuwe Westra © ANP
Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje hat yn syn karriêre cortisonen brûkt. Dat jout de hurdfytser ta yn in foarpublikaasje fan syn boek 'Het Beest'. Westra is al ophâlden mei hurdfytsen en wennet tsjinwurdich yn Australië.
"Ik spoot het in mijn eigen lijf om harder te fietsen, om prijzen te pakken, om complimenten in ontvangst te nemen", sa seit Westra yn it boek tsjin auteur Thomas Sijtsma. "In mijn eerst profjaar werd mij duidelijk dat met alleen hard trainen er geen overwinningen werden behaald. Wilde je meedoen met de grote jongens, dan moest je de grenzen van het toelaatbare opzoeken."
Westra wûn twa kear it Nederlânsk kampioenskip tiidriden, en ferskate etappes yn Parijs-Nice en it Critérium du Dauphiné. Hy is nea betrape op it brûken fan doping. Neffens de hurdfytser wiene de cortisonen tastien ûnder in medysk attest. Hjirtroch is it gebrûk fan de helpmiddels net strafber, sawol ûnder it riden as no nei syn karriêre.