De Fryske tsjotterfloat hat in nij lid: Janke

28 apr 2018 - 12:20

It is in hege útsûndering, en dochs barde it sneontemiddei: de Fryske tsjotterfloat wurdt útwreide. Janke, sa hjit de nije boat, en se is in behoarlike dame.

Gewoanwei binne sy by stichting de Friese Tjottervloot behoarlik skruten as it giet om sa'n útwreiding fan de float, mar dat leit hjir oars. De stichting tinkt dat it skip in goeie oanfolling wêze sil op de float. Dêrnjonken is Janke in kado fan ien fan de wichtichste famyljes yn de stichting: de famylje Wegener-Sleeswijk. De famylje stie oan de widze fan de Stichting Friese Tjottervloot.

De offisjele oerdracht fan it skip fan de famylje Wegener-Sleeswijk oan de stichting wie sneon oan de ein fan de middei.

(advertinsje)
(advertinsje)