Rekôrtal dielnimmers sloeperace Grou

28 apr 2018 - 09:24

De tweintichste edysje fan de roeisloeperace yn Grou lûkt sneon in rekôrtal dielnimmers. Der ferskine yn totaal 88 frouljus- en manljusploegen oan de start. Dat komt ûnder oare om't de Federatie Sloeproeien Nederland de wedstryd yn Grou meitelle lit foar it Nederlânsk kampioenskip yn sawol de haadklasse as de earste klasse.

Fanwege de tweintichste kear hat de edysje fan sneon in feestlik tintsje. Om tolve oere wurdt it earste startsein jûn, dêrnei sil alle twa minuten in ploech fan start gean. De ferwachting is dat de earste boat goed twa oeren letter de finish berikke sil. De dielnimmers hawwe dan in parkoers fan sa'n tweintich kilometer achter de rêch, dat ûnder oare oer de Wide Ie, de Headammen en troch de Alde Feanen rint.

Trefwurden: 
sloeperace Grou
(advertinsje)
(advertinsje)