Ynbrekkersduo yn Frjentsjer

18 jun 2012 - 10:30

Twa Frjentsjerters binne sneintejûn
oanhâlden op fertinking fan wenningynbraak. De man (70) en frou (58) wiene yn in hûs oan de Zevenhuizen. In famyljelid fan de bewenner trof it duo dêr oan.

De bewenner koe de plysje melde dat it duo neat yn syn hûs te sykjen hiene. Se binne meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)
(advertinsje)