Kollum: "De Keningin fan de greide"

28 apr 2018 - 08:42

"Myn pake draait him om yn de kiste. De Fryske readbûnte ko wurdt wer yn syn bestean bedrige. Dat is net de earste kear. As ik dit skriuw leit foar my in fotoboek mei allegearre Frysk readbûnte kij. Foto's fan keurings, foto's fan myn famylje dy't Fryske readbûnte kij mei de hân melke. Ik tink dat dit in únyk fotoboek is. It is in erfstik dêr't ik hiel wiis mei bin. Op de lêste foto stiet it bestjoer fan De Verenigde fokkers van Roodbont Fries Stamboekvee, koartwei de VRF. De foto is fan it jier 1967, doe't se harren tsienjierrich jubileum fierden. De hearen Tichelaar, Bouma, Gerbrandij en Venema allegearre kreas yn in swart pak, foarsitter pake Ferdinand Keulen yn stimmich griis. Op tafel kofjekopkes en in glês mei sigaren.

Dat wie de tiid dat der op de freedsmerk yn Ljouwert net allinnich fee ferhannele waard, mar der ek in libbene ljipaaihannel bestie. Omdat der doe noch greidefûgels by it soad wienen. Dat kaam omdat de wrâld om ús hinne doe noch net behearske waard troch ekstremistyske hobbyklupkes, mar troch minsken mei boereferstân.

De Fryske readbûnte ko is in echte oarspronklike bewenner fan Fryslân. Hy wie der al folle earder as de swartbûnte. Ik bin grutbrocht op in pleats mei 100% rassuver Frysk readbûnt fee. Wy hawwe nea in swartbûnte ko hân. Twa omkes fan my buorken ek mei readbûnten. Allegearre mei fokmateriaal fan pake, dy hie der doel oer. In sterke ko, sa as se it no neame is de Fryske readbûnte in echte 'dûbbeldoel' ko. Hy jout molke en hat dêrnjonken ek noch lekker fleis, dat yn tsjinstelling ta de Amerikaanske bonkerakken dy't allinnich mar in pear jier in soad molke mige en dêrnei yn de woarst en kroketten ferwine.

Duorsum dus, dy Fryske reabûnte ko. Se geane samar in jier as tsien mei. Je soene sizze dat dit no einliks de kâns is dêr't we hjir yn Fryslân op sieten te wachtsjen. De Fryskeigene readbûnte soe op it skyld hise wurde moatte as de nije Us Mem. Der binne no noch mar in 360 fan, mar yn potinsje is dit de rêding fan ús lânskip, bêste minsken. Hjir soenen A-Ware, Campina en de miljeuklups boppe-op springe moatte. No moat in Ljouwerter marketeer en de Omrop de meubels fan de yn 1993 oprjochte Stichting Roodbont Fries Vee rêde, mar eins soe de Fryske readbûnte in folle grutter poadium hawwe moatte.

Wy hingje de takomst fan ús greiden no op oan in ûneachlik brún fûgeltsje dat it grutste part fan it jier yn Afrika op de savanne omhúsmannet. It bist komt hjir inkeld mar even te brieden en seit dan wer doech. Soe it net better wêze en meitsje fan de Frysk readbûnte ko it symboal fan ús Fryske lânskip? Der wurde plannen by it soad makke om de biodiversiteit werom te krijen yn de moaiste provinsje fan Nederlân.

Dit is de kâns om dat in eigen gesicht te jaan. Meitsje de readbûnte Fryske ko ús nije Keningin fan de Greide. De no noch oanwêzige oantallen fan it bedrige ras binne hast like dramatysk as de teloargong fan ús greidefûgels.

De greiden fol mei Fryske readbûnten, duorsum fee. Stel no dat de suvelgiganten yn oparbeidzjen mei de boeren, polityk en miljeuklups ek nochris soargje koene dat de dong en de jarre wer skieden wurdt. Dan kin der wer rûge dong útriden wurde. De suvelyndustry hat al plannen foar blommen en sa mear. Ik hoe net út te lizzen wat dat foar oansjen fan Fryslân betsjutte soe, wol? As de predaasje dan ek noch oan bannen lein wurdt, binne we in moai ein op streek. Ik soe it pake sa gunne.

Meitsje fan de Fryske readbûnte ko de Keningin fan de Greide, dan komt it mei de Kening nei ferrin fan tiid ek wer goed."

(advertinsje)