Himpkwekerij ûntdutsen nei brân yn flatwenning yn Ljouwert

28 apr 2018 - 08:09

De plysje hat freedtemiddei in himpkwekerij ûntdutsen by in brân yn in flatwenning yn de Corellistrjitte yn Ljouwert. It fjoer wie op de souder fan de wenning en dêr stiene ek de himpplanten.

In 26-jierrige fertochte is oanhâlden. It fjoer bruts freedtemiddei om trije oere hinne út. De brân wie yn de nok fan de boppeste ferdjipping. De brânwacht koe der min by komme. Omdat it fjoer mooglik oerslaan koe, waard in tal wenningen ûntromme. Nei in oere wie de brân ûnder kontrôle. Der rekke net ien ferwûne. De souder fan de boppeferdjipping hat in soad skea oprûn.

Trefwurden: 
himpkwekerij
(advertinsje)
(advertinsje)