Oanhâldingen yn nacht nei Keningsdei

28 apr 2018 - 07:43

In 17-jierrige jonge út de gemeente Ferwerderadiel is freedtejûn yn Ljouwert troch de plysje oanhâlden, omdat er de keunststof sydkant fan in feesttinte fernield hie. Dy stie fanwege Keningsdei op it Wilhelminaplein.

De plysje hâlde ek in 26-jierrige Ljouwerter en in 17-jierrige ynwenner fan de gemeente Kollumerlân oan, omdat se de iepenbiere oarder fersteurden op it Ruterskertier. En ek twa minsken waarden betrape op it oertrêden fan it gebietsferbod dat harren oplein wie. It giet om in 19-jierrige frou út Ljouwert en in 29-jierrige ynwenner fan de stêd. Dy lêste waard foar de njoggende kear betrape op it oertreden fan syn gebietsferbod.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)
(advertinsje)