Bromfytser sûnder helm pakt
De plysje hat snein in Ljouwerter (25) op in bromfyts oanhâlden oan de Lieuwenburg yn de haadstêd. De man ried slingerjend oer de dyk, hy ried boppedat te hurd en hie ek gjin helm op. Doe't de plysje mei him prate, die bliken dat er gjin rydbewiis hie en de bromfyts wie net fersekere.
De man is bekeurd en syn bromfyts is yn beslach nommen.