De frijmitselerij yn Snits, hoe sit dat no?

28 apr 2018 - 12:00

Byienkomsten achter sletten doarren, mysterieuze symboalen en geheime rituelen. Der hinget noch altyd in wat spannende sfear om de Frijmitselerij. En dy sfear soarget derfoar dat in soad minsken der sels wat benaud foar binne. It sit de frijmitselers fan Snits dwers. Want se hawwe gjin geheimen en dat wolle se graach sjen litte. In nij boek, dat fan dit wykein op de merk komt, moat dêrby helpe.

It boek is skreaun nei oanlieding fan it 200 jierrich bestean fan de frijmitselerij yn Snits. De feriening waard yn 1818 oprjochte troch manlju fan oansjen. Yn dy tiid wie it gebrûklik dat allinnich hege hearen lid waarden fan de frijmitselerij en dat hat lange tiid sa west. Tsjinwurdich is dat oars en mei elkenien lid wurde. As se mar man binne. Froulju kinne te plak by de saneamde Weefsters, of se moatte lid wurde fan de saneamde Gemengde Vrijmetselarij dêr't manlju en froulju tegearre lid binne. 

Doarren iepen

Yn Snits binne it dus allinnich manlju dy't it gebou oan de Looxmagracht befolke. Yn totaal 60 mannen ferspraat oer twa lôzjes. En dat oantal is eins al jierren gelyk, wylst de frijmitselerij yn de rest fan Nederlân hieltyd minder leden hat. Reden om mear de iepenbierheid te sykjen. Sa sit de frijmitselerij tsjinwurdich op Facebook en binne der iepen dagen. Ek yn Snits docht de feriening dat. Om mear iepen te wêzen en sjen te litten wat de frijmitselerij docht.

De timpel

Yn it boek giet it benammen om it spesjale gebou dat de feriening yn Snits hat. Neffens de eigen leden is it ien fan de moaiste fan Nederlân. Benammen de timpel is bysûnder, mei in eigen ljochtshow dy't diels bestiet út knikkerts.

Mei syn 200 jier is de Frijmitselerij yn Snits ien fan de langst besteande lôzjes fan ús lân. Ek is it ien fan de âldste noch besteande ferieningen fan Fryslân.

Trefwurden: 
frijmitselerij Snits
(advertinsje)