Omrop TIP: Dupon: "As ik it fertel, sjoch ik it wer foar my"

De 95-jierrige Foppe Dupon fertelt syn oarlochsferhaal yn dizze tiid fan it jier trije kear wyks oan groepen skoalbern. Faker kin net, dat grypt him tefolle oan. It ferhaal beslacht in goed jier: fan jannewaris 1944 oant de befrijing yn 1945. Dupon siet yn 1944 ûnderdûkt, omdat er net nei Dútslân woe om te wurkjen foar de Dútsers. Op nijjiersdei doart er it oan om in kuierke te meitsjen. Dat rint ferkeard ôf. Hy wurdt besketten troch Dútsers, rekket swier ferwûne yn it sikehûs, dûkt wer ûnder, mar wurdt ferret en fêstnaam.
Hieltyd opnij belibje
Nei't er tsien dagen yn de finzenis yn Ljouwert sitten hat, wurdt er oerbrocht nei kamp Amersfoort. Dêr makket er ferskriklik wrede dingen mei. Hy is dan ek bliid as er te hearren krijt, dat er oerpleatst wurdt nei Dútslân. Yn Dútslân hat er te krijen mei honger, swier wurk, loftalaarm en altyd wer de eangst dat er wat ferkeards docht en dêr foar straft wurdt. Dat lêste bart as er nei in ynsidint trije wike lang opsletten wurdt yn in bunker. Hy hat der klaustrofoby oan oerhâlden.
Wurkje foar de Dútsers
As er thúskomt nei de befrijing hat Dupon it dreech. Yn stee fan dat men bliid is dat hy werom is, wurdt er mei de nekke oansjoen, omdat er yn Dútslân wurke hie foar de Dútsers. "Dan ha jo sa'n soad ellinde meimakke en dan wurdt der sá reagearre... dat fielt as in dolkstek yn de rêch." Dupon praat mei net ien oer wat er allegear belibbe hat. Syn soan trunet dêr wol op oan: "As heit it no opskriuwt, dan kin heit it fan him ôfskriuwe en tagelyk witte wy wat heit meimakke hat." Mar hy kin it net. "Ik kóe it gewoan net."
Triennen
Dochs rêdt er it op. Hy is dan 74 jier. Twa dagen sit er te skriuwen en dan lit er it syn frou lêze. Sy lêst it en de triennen rôlje har oer de wangen. Sy seit tsjin him dat it moai is, dat er it opskreaun hat. Dat se bliid is te witten wat er meimakke hat en dat it goed foar him is. Hy fielt ek dat it goed is, hy fielt him ferromme. En mei dat er it ferhaal op papier tafertroud hat, kin er der ek oer prate. Dat docht Dupon no in soad. Ferline wike hat er yn kamp Amersfoort in lêzing hâlden foar 1.000 man publyk. Nei ôfrin krige er in steande ovaasje.
Skoalbern
Ek de bern fan groep 8 fan de Wrâldpoarte yn Garyp wiene djip ûnder de yndruk. Nei ôfrin sei ien fan de skoalbern dat er it in spannend ferhaal fûn. "As ik seker wist dat ik it oerlibje soe en gjin pine ha soe, dan hie ik it ek wol meimeitsje wollen", sa sei er. Dupon reagearre mei: "Ik winskje it net ien ta, jonge, ik winskje it net ien ta..."
It ferhaal fan Foppe Dupon is snein te hearren yn it radioprogramma Buro de Vries.