Stellen auto út Ljouwert weromfûn yn Dútske stêd Bremen

27 apr 2018 - 21:01

In lytse trije oeren neidat de plysje freedtemoarn de melding fan in stellen auto yn Ljouwert trochkrigen hie, is de auto yn it Dútske Bremen oantroffen. Dêrby is in 33-jierrige fertochte sûnder fêst wen- en ferbliuwplak oanhâlden. De proseduere foar útlevering fan dizze fertochte is yn gong setten.

De kaaien fan de auto wiene út in wenning oan de Tolhûswei stellen. Direkt nei de melding fan de stellerij is der in saneamde ynternasjonale sinjalearring útgien.

(advertinsje)