Auto botst tsjin lantearnepeal by Bûtenpost

27 apr 2018 - 20:49

Troch noch ûnbekende oarsaak is freedtemiddei by Bûtenpost in auto tsjin in lantearnepeal riden. Dat barde op de Lauwersmarwei op 'e hichte fan de ôfslach mei de Alde Dyk. Sawol de plysje as de ambulânse binne ynskeakele om earste help te ferlienen. De automobilist is nei it sikehûs brocht. De auto rekke swier skansearre.

Trefwurden: 
ûngelok Bûtenpost
(advertinsje)