Mieke Wierenga rêdt frijmerk Easterwâlde

27 apr 2018 - 20:07

De tradisjonele frijmerk op Keningsdei giet ek de kommende jierren yn Easterwâlde troch. De frijmerk stie dêr faai doe't ûndernimmersklup Oosterwolde Promotion de organisaasje net mear dwaan woe. In pear wike lyn is it inisjatyf dêrom oernaam troch in partikulier út it doarp: Mieke Wierenga. Yn sân hasten waarden ferkearsregelers en stekken regele, fergunningsoanfragen dien en in springkessen besteld.

It waard op Keningsdei in grut sukses, want it wie gesellich drok en de ferkeapers diene goeie saken. Wierenga wol noch wol yn petear mei ûndernimmers en gemeente hoe't de frijmerk tenei krekt organisearre wurde moat, mar "het gaat de komende jaren sowieso door!", sa sei Wierenga.

(advertinsje)