Marit Bouwmeester wreidet kopposysje fierder út

27 apr 2018 - 19:47

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat freed har kopposysje by de wrâldbekerwedstriid yn Frankryk noch wer ekstra ferstevige. Se sette twa sterke races del, wêrby't se as earste en twadde oer de finish kaam. Trochdat nûmer twa, de Belgyske Maité Carlier, in minne dei hie, is it ferskil noch grutter wurden.

Coach en broer Roelof Bouwmeester is út 'e skroeven mei de prestaasjes fan syn suster: "We hiene in supergoeie dei hjoed. Dêr falt net in soad op oan te merken. Marit fart har races lekker deeglik en makket folwoeksen karren. Dat is krekt wat we wolle!"

Marit Bouwmeester stiet no op in totaal fan 22 punten en Carlier op 64 punten. Mei noch twa races te gean oant de medaljerace, sjocht it der dus hiel goed út foar Bouwmeester.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester silen
(advertinsje)