Neakene man strúnt troch tunen

18 jun 2012 - 10:09

In Ljouwerter (33) is sneintenacht oanhâlden om't er neaken troch tunen rûn yn de Bijenhofstrjitte yn syn wenplak. Ek tikke de man op ruten fan ferskate wenningen. Buertbewenners warskôgen de plysje.

De plysjes hiene it idee dat de man sterk ûnder ynfloed wie fan GHB. Underweis nei it plysjeburo wie de Ljouwerter net mear goed oansprekber. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. Nei kontrôle is de man oerdroegen oan de GGZ.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)
(advertinsje)