King's Battle Blauhús lûkt mear Ingelske koereurs

27 apr 2018 - 19:28

De autocross King's Battle fan Blauhús hat dit jier opnij mear dielnimmers út Ingelân lutsen. Ferline jier wiene dat in stik as tsien, freed ferskynden der fyftjin koereurs út Ingelân oan de start. De autocross op Keningsdei is ien fan de wichtichste wedstriden fan de provinsje. Mei-inoar binne der sa'n 200 dielnimmers yn seis ferskillende klassen. Der wurdt striden op it crossterrein by Wolsum. Sûnt dat ferboud is, is de populariteit bot tanommen.

De Ingelske koereurs moasten earst efkes wenne oan it sirkwy, mar al nei in pear rûntsjes rieden sy foaroan mei. De autocross fan Blauhús luts tusken de 4500 en 5000 besikers. Ek dêr sieten dit jier in opfallend soad Ingelske gasten by.

Yn de StockcarF1-klasse wûn Jacob de Vries fan Hantum en dêrmei waard er de King of Dirt 2018. Bert de Vries út Hallum finishte as twadde. 

(advertinsje)