Plusflaggen en -koekjes by projekt PlusMienskip yn Mildaam

27 apr 2018 - 17:19

Yn Mildaam is freedtemiddei it keunstprojekt PlusMienskip begûn, fan de mienskiplike doarpen Mildaam, Ketlik en Bontebok. Sawat tritich minsken diene mei oan in fytstocht, dy't alle trije doarpen oandie. PlusMienskip is betocht troch keunstner Marcel Prins. Yn it ramt fan it keunstprojekt moatte oeral yn en by de doarpen grutte en lytse plussen yn it lânskip ferskine. Dy binne neffens de keunstner in teken fan ferbining, mienskip en moeting.

Bewenners út de trije doarpen, dy't meihelpe om in plus te timmerjen, bouwen en steapeljen fan stiennen of hout, kinne boppedat in 'pluske' fertsjinje. Op de grutte finale op 15 septimber binne dêr dan prizen mei te fertsjinjen. It projekt PlusMienskip is in ûnderdiel fan LF2018 en De Reis fan Keunstwurk.

(advertinsje)