Soarch oer wentebou Blitsaerd

18 jun 2012 - 09:34

De gemeente Ljouwert hat de belangrykste doelstellingen helle at it giet om it wenningboubelied. Dat docht bliken út ûndersyk fan de rekkenkeamer fan Ljouwert fan 1998 ôf. Sa is yn 2010 it tal wenningen realisearre dat yn de planning siet om te bouwen. Ek is neffens de rekkenkeamer it wenningboubelied ek better mjitber wurden.

Der is ek krityk op de gemeente. Sa wurdt it belied net altyd ûnderboud mei ûndersyk en wurdt de soarch útsprutsen oer de wiken Súdlannen en Blitsaerd. Beide wiken binne flink troffen troch de krisis.

(advertinsje)