'Ried hat net de goeie ynfo'

02 nov 2011 - 21:41

Neffens Parnas driget de gemeenteried fan Ljouwert sûnder hiel wichtige ynformaasje te besluten oer syn takomst. It kolleezje wol besunigje troch Parnas as ynstelling te skrassen. Yn stee dêrfan komt der allinnich kultuerûnderwiis foar basisskoallelearlingen sûnder dat der in sintraal gebou is. Op oantrún fan de gemeenteried hat it kolleezje ek oare opsjes trochrekkene. Mar der ûntbrekke neffens Parnas saken yn de fergeliking tusken dy opsjes.

(advertinsje)
(advertinsje)