FOTO/FIDEO: Fryslân fiert Keningsdei 2018

27 apr 2018 - 16:06

Oeral yn Fryslân is freed Keningsdei fierd. Doarpen en stêden stiene yn it teken fan frijmerken en muzykeveneminten. Yn guon plakken binne de festiviteiten al hast ôfrûn, mar yn Ljouwert is der jûns ek noch fan alles te belibjen. 

 Yn Ljouwert luts de tradisjonele frijmerk yn it sintrum fan de stêd wer in protte besikers. It waar foel ta en dêrom giene in soad minsken der op út, om by in ferskaat oan kreamkes del te rinnen. Ek it muzikale ferskaat wie wer grut yn de stêd.

Yn Boalsert ferkochten de minsken harren guod út de koffer fan 'e auto wei. Dizze kofferbakmerk wie in grut súkses.

Trefwurden: 
Keningsdei Fryslân
(advertinsje)