Brân yn flat Corellistrjitte yn Ljouwert

27 apr 2018 - 15:50

Yn in flat fan trije heech oan de Corellistrjitte yn it Valeriuskertier yn Ljouwert hat freedtemiddei koart brân west. De brân wie boppeyn it dak fan de boppeste ferdjipping, mar wie dreech te berikken. Dêrom wie de brânwacht mei meardere auto's oanwêzich. Ut foarsoarch moasten de bewenners fan de omlizzende wenningen harren hûs ferlitte. De souder fan de boppeferdjipping hat in soad skea oprûn.

De brânwacht krige de melding om trije oere hinne en in oere letter waard it sein brân master jûn.  

(advertinsje)