Sukses turnfroulju Hearrenfean

18 jun 2012 - 07:32

Topturnsters Céline van Gerner en Lisa Top fan Turnsintrum Hearrenfean hawwe by it NK turnjen mei elkoar 4 kear goud en trije kear sulver helle. Van Gerner pakte goud op de mearkamp en goud op de brêge. Op dy dissiplines behelle Top it sulver. Top wie dêrnei de bêste op de balke en de flier. Op de balke pakte Van Gerner it sulver. Coach Gerben Wiersma wie optein mei de prestaasjes: 'Better as ferwachte', sa liet hy witte.

(advertinsje)
(advertinsje)