Malteeske minister fan Kultuer komt nei Fryslân om te praten

De minister fan Kultuer op Malta, Owen Bonnici, komt nei Fryslân ta om mei Fryske bestjoerders te praten oer de 'vrijheid van meningsuiting'. Dat sei deputearre Sietske Poepjes freedtemiddei by Omrop Fryslân.
Poepjes hat út namme fan wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert telefoanysk kontakt hân mei Bonnici. It gie dêryn ûnder mear oer útspraken fan de bestjoersfoarsitter fan Valletta 2018, de oare Kulturele Haadstêd fan Europa dit jier. Dy sei ûnder oare dat it monumint fan de fermoarde sjoernaliste Daphne Caruana Galizia wol fuort kin.

Om tafel

De minister fan Kultuer op it eilân distansjearret him fan dizze útspraak en wol graach mei Fryske bestjoerders om tafel. De organisaasje fan LF2018 hat yntusken bekendmakke gjin offisjele fertsjintwurdigers mear nei Valletta ta te stjoeren. Poepjes seit dizze aksje te stypjen, mar dat oerheden mei elkoar yn petear bliuwe moatte.