Frijmerk: "Kening Willem-Alexander? Dy docht it wol kreas"

27 apr 2018 - 14:03

Nei fiif jier kening Willem-Alexander op de troan is in grutte mearderheid fan de Nederlânske befolking, 73 persint, tefreden oer syn funksjonearjen. Dit die bliken út de jierlikse Keningsdei-enkête fan de NOS.

Ek op de Ljouwerter frijmerk wiene de measten posityf. "Hy moast der efkes yn komme, mar no, nei fiif jier, docht er it kreas." In oar sei: "Der is in soad draachflak, mar dat is ek oan Máxima te tankjen."

Fansels wiene der ek oare lûden te hearren. "Ik fyn it te djoer en wat hawwe je der eins oan?", frege in oar him ôf. Foar in alternative foarm, lykas in republyk, wiene net in soad foarstanners. "De meeste buitenlanden zijn jaloers op hoe wij het hebben. Een president? Op iemand als Trump zit je toch ook niet te wachten."

Trefwurden: 
freedsmerk
(advertinsje)