Grutte teloarstelling oer EK

18 jun 2012 - 06:36

Grutte teloarstelling ek by de Fryske fuotbalfans oer de útskeakeling fan it Nederlânske alvetal by it Europeesk kampioenskip sneintejûn. Yn Charkov (Oekraïne) wie Portugal mei 2-1 te sterk, wêrtroch't Oranje op nul punten stean bleau. Hoewol't de twa earste wedstriden tsjin Denemarken en Dútslân net bepaald hoop joegen, sieten in soad Friezen dochs wer mei-inoar yn de kroech om de wedstriid te sjen.

Trefwurden: 
fuotbal fuotbalfans EK Portugal
(advertinsje)